Piraten by Earnewâld

17 aug 2008 - 12:10
  • Bern koene dûnsje mei de 'opkikker'

Op it wetter by Earnewâld binne sneontemiddei piraten sinjalearre. It gie net om echte piraten, mar om bern dy't siik binne en harren famylje. 54 Famyljes wiene troch de stifting De Opkikker en de Cliniclowns útnoege foar in piratedei.

Se fearen op skûtsjes en diene mei oan aktiviteiten op in 'skateilân' by de Headammen by Aldegea. Stifting De Opkikker en Cliniclowns hâlde de piratedei alle jierren. Se organisearje ek in mearkedei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)