Piraten draaie foar goed doel

31 des 2012 - 16:27

De lêste wiken fan it jier dûke de piratestjoerders op. Wikenlang hâlde freoneploegen 24 oeren deis de útstjoering yn de loft, meast foar it goeie doel, lykas yn Drachten, Warten en Tsjom.

Piratestjoerders ha har eigen lûd en har eigen muzyk. Har namme ha se te tankjen oan de yllegale útstjoerings fan eartiids. Mar de measten binne net mear yllegaal, se ha in fergunning foar in wike as twa. De opbringst yn Tsjom foar it goede doel wie dit jier 24.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)