Piratefeest kin wol trochgean

28 feb 2006 - 11:28

It Mega Piratenfestijn fan Surhústerfean kin dochs trochgean. It wurdt no in lytse wike letter holden yn Leidyk dat deunby leit yn de gemeente Mearum yn Grinslân.

Achtkarspelen wegere tastimming foar Surhústerfean om't it feest op Stille Sneon 15 april foel. Yn oerlis mei alle partijen is besletten it evenemint in lyts wike út te stellen nei freed 21 april. Ferkochte kaarten binne gewoan jildich foar de nije datum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)