Piramide Westereen lûkt folk

30 maaie 2013 - 21:38
  • Dizze frou hold it net sa hiel lang fol
  • lytse piramide om fruit ûnder te bewarjen

In proefopstelling fan de Banga Piramide yn de evenemintehal fan De Westereen luts tongersdei aardich wat minsken. Keaplju en Westereenders koene in skoftke yn de piramide fan Siemen Banga sitte en dêr waard aardich gebrûk fan makke. Mar der wiene ek genôch dy't der gjin ferlet fan hiene.

Neffens Banga en in soad fan syn klanten helpt it sitten yn in iepen piramide goed om je folslein te ûntspannen. Troch de 'kosmyske enerzjy' kinne je jesels wer weromfine en 'blokkades opheffe', sa stelt Banga.

Banga makket en ferkeapet ek in soad lytsere piramides. Dy kinne brûkt wurde om fruit yn te bewarjen of om ûnder je bêd te setten, sadat je nofliker sliepe. Ek yn De Westereen waarden aardich wat piramides ferkocht en besteld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)