Pippo Limnell Finocchiaro nei UNIS Flyers

14 jul 2015 - 20:30

Pippo Limnell Finocchiaro spilet kommend seizoen foar de iishockeyers fan UNIS Flyers. Hy hat in kontrakt foar ien jier tekene en krijt in belangrike rol yn de ferdigening fan de Flyers.

De 27-jierrige Finocchiaro is in Finske Italiaan dy't yntusken de Nederlânske nasjonaliteit hat. Hy komt oer fan Eaters Geleen dêr't er de ôfrûne twa seizoenen spile. Yn it lêste seizoen pakte hy 27 punten yn 24 wedstriden. Earder spile hy ek foar Eindhoven en Tilburg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)