Pinpassen skimd yn Ljouwert

07 jan 2009 - 16:01
  • pinpassen yn Ljouwert skimd

Guon minsken dy't begjin jannewaris pind ha by in betelautomaat fan de ING yn Bilgaard yn Ljouwert binne slachtoffer wurden fan 'skimmers'.

By skimming pleatse kriminelen in soarte fan kopiearapparaatsje op de jildautomaat dat de pinkoade ôflêze kin. By guon dupearren is de bankrekken folslein leechhelle. De dieders komme nei alle gedachten út East-Europa. ING hat út foarsoarch paskes fan har klanten blokkearre. De bank wol net reagearje op de fraude.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)