Pinpassen kopiearre yn Ljouwert

13 nov 2003 - 00:00

De pinpas fan goed 100 minsken dy't pind hawwe by de ABN/AMRO oan de Huzumerleane yn Ljouwert is kopiearre troch kriminelen. By in hânfol minsken is it slagge ek jild fan de rekken ôf te heljen, by alle oare minsken is út foarsoarch de pas blokkearre.

De pas is mooglik kopiearre fan elk dy't op 10 en 11 novimber jild helle hat by de automaat op de hoeke fan de Skrâns en de Huzumerleane. It kopiearjen fan passen hjit skimming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)