Pinpasfraude: Roemenen oppakt

10 des 2009 - 10:46

De plysje hat moandei trije manlju en in frou út Roemenië oanhâlden op fertinking fan pinpasfraude. Ein novimber waarden by supermerken yn Sint Anne en Harns twa minsken it slachtoffer fan dizze fraude. By it ôfrekkenjen seagen de fertochten de pinkoade ôf en oanslutend waarden harren pinpassen stellen.

Meiwurkers fan 'e supermerk yn Sint Anne seagen moandei dat deselde trúk úthelle waard. Se warskôgen de plysje, dy't de fertochten oppakte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)