Pinner oerfallen by stasjon

11 sep 2011 - 12:49

Yn Ljouwert is sneon by it treinstasjon in man oerfallen, neidat er jild út in automaat helle hie. Hy waar slein troch in frou en in man pakte him syn jild ôf. It duo naaide dêrnei út op de fyts.

De plysje siket tsjûgen fan de oerfal. Der moatte in soad minsken wêze dy't wat sjoen hawwe. Foar de jildautomaat oer binne allegear terraskes, dêr't minsken op sieten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)