Pinne yn 'bankbus'

08 mrt 2003 - 00:00

Ynwenners fan Jiskenhuzen koene sneon foar it earst jildsaken dwaan by in 'ridende bank'. Yn it doarp stie in servicebus fan de ABN/Amro en de âldereinbûn ANBO. Minsken koene der jild pinne, mar ek fragen stelle oer âldereinsaken of gemeentlike tsjinsten.

De bank en it bûn wolle mei de bus wat dwaan oan de minder wurden tsjinstferliening yn de doarpen. De bus komt om de fjirtjin dagen. It giet earst om in proef fan in jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)