Pinksterwykein: mear toeristen

29 maaie 2007 - 11:38
  • De ôfsluter fan it Frysk Strjit Festval

It ôfrûne Pinksterwykein hat mear toeristen lutsen as yn 2006. Dat seit Paul van Gessel fan Fryslân Marketing. It giet om sa'n tweintich persint mear. Neffens Van Gessel komt dat benammen troch de ferskate eveneminten lykas de fytsalvestêdetocht, it strjitfestival yn Ljouwert en it jubileum fan 'e 75-jierrige Ofslútdyk.

Allinnich Pinkstermoandei foel wat ôf. Troch it wiete waar giene in soad minsken earder nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)