Pinksterfeest lûkt 5500 man

20 maaie 2013 - 11:44
  • De grutte tinte fan it Pinksterfeest

It pinksterfeest yn Wynjewâld hat dit wykein goed 5500 minsken lutsen. Der wiene benammen in soad bern by. Op it terrein krekt bûten it doarp koene de minsken nei tsjerketsjinsten, muzykoptredens en foarlêssesjes. Foar de bern wiene der teaterfoarstellings en nifelopdrachten.

It wie foar it earst dat de pinksterfeesten hâlden waarden op in nije lokaasje. It foarige terrein wiksele dit jier fan eigener. De nije eigener woe gjin tastimming jaan foar it hâlden fan it pinksterfeest.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)