Pingoruïne fûn by Bûtenpost

29 nov 2005 - 12:51

By boaiemûndersyk by Bûtenpost binne resten fan in pingoruïne fûn. Dy lizze yn it gebiet tusken de Bûtenposter Feart en de Alde Dyk. Dêr steane hierhûzen pland.

Pingoruïnes binne yn de iistiid ûntstien. Se jouwe in soad ynformaasje oer de skiednis fan de streek. De kommende tiid wurdt archeologysk ûndersyk dien. De fynst smyt gjin fertraging op foar de oanlis fan de wenwyk, seit de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)