Pingo neamd nei Anita Andriesen

18 jul 2006 - 10:19

It histoarysk lânskip tusken Bûtenpost en Twizel is foar in grut part hersteld. De ein fan it projekt kaveleindwalzone is moandei fierd mei de de nammejouwing fan in pingo. Ien fan de pingo's hjit fan no ôf Anita's Dobbe, nei deputearre Anita Andriesen.

Der is hast fiif ton oan elzesingels, houtwâlen, dobben en pingo's útjûn. Pingo's binne restanten fan de iistiid. Deputearre Andriesen wie bliid en oandien troch de nammejouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)