Pinepaspoart foar bern

29 des 2009 - 16:46

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert is tiisdeitemiddei it earste pinepaspoart fan Fryslân presintearre. De ynstek fan it nije bernepaspoart is dat bern noait mear út hoege te lizzen hoe't se prikt wurde wolle.

It paspoart is bedoeld foar bern dy't gauris yn it sikehûs wêze moatte. Dokters en ferpleechkundigen kinne troch it nije boekje mear ynsicht krije yn de winsken en eangsten fan it bern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)