Pineholleklinyk Dokkum sukses

29 sep 2004 - 09:46

De pineholleklinyk fan sikehûs Talma- Sionsberg yn Dokkum is sa'n sukses dat it lanlik neifolging krijt. Seker fiif oare sikehuzen hat yntersse yn it konsept. De klinyk waard fiif jier lyn oprjochte om minsken mei groanyske pineholleklachten te helpen.

Mei-elkoar binne der al 520 pasjinten behannele. Troch it grutte sukses is de wachtlist oprûn nei twa jier. Om dy fuort te wurkjen is in tredde spesjalist oansteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)