Pilotstúdzje yn de Greidhoeke

15 aug 2014 - 08:48
  • Skiep yn de greide

Wetterskip Fryslân start in pilotstúdzje nei wetterbehear yn de Greidhoeke. In grut tal gemalen is bot ferâldere en moat op koarte termyn ferfongen wurde. Dit kostet in soad jild. It wetterskip wol dêrom ûndersykje oft it tal gemalen en kaden yn it gebiet tusken Boalsert, Wommels, Easterein en Nijlân fermindere wurde kin. Dit betsjut lykwols wol dat it lânskip feroaret.

Dêrom freget it wetterskip ynwenners fan it gebiet om mei te tinken oer oplossings foar it wetterbehear. Is dit in sukses, dan wurdt dizze wurkwize mooglik faker brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)