Pilot tablet-ûnderwiis op skoalle yn Gytsjerk grut súkses

22 sep 2015 - 17:32
  • De Ichtusskoalle yn Gytsjerk

Mear tablets en kompjûters yn de klasse. Is dat de takomst of júst net? Der wurdt ferskillend oer tocht. Ut in grut ynternasjonaal ûndersyk fan de Organisaasje foar Ekonomyske Gearwurking en Untwikkeling (OESO), blykt dat de learresultaten fan skoalbern minder binne as se tablets en kompjûters yn de klasse ha. Mar op de Dalton basisskoalle Ichtus yn Gytsjerk tinke se dêr hiel oars oer.

In jier lang hawwe alle bern fan groep 3 oant en mei groep 8 al in eigen Ipad. Foar juf Petra en de rest fan de skoalle is de proef tige slagge. "Bern kinne better op har eigen nivo wurkje, en we kinne ienfâldiger yn de gaten hâlde hoefier't se al binne mei har wurk", seit Petra van der Meer, juf fan groep 6.

Dochs is der ek krityk op it wurkjen mei in tablet yn de klasse. De apparatuer soe bern te folle ôflieding jaan. Op de skoalle yn Gytsjerk sjogge se dat ek wol, mar waget it net op tsjin de foardielen. Ek fine se dat it yn de klasse net safolle problemen jout.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)