Pilot folchsysteem foar boaten

29 jul 2014 - 17:14

Feilichheidsregio Fryslân set de help fan wettersportûndernimmers en boatsjefarders yn om de feilichheid op it wetter te fergrutsjen. Mei in spesjaal ynboud folchsysteem foar boaten kin de alarmsintrale by kalamiteiten op it wetter, de help fan skippers yn de buert ynskeakelje.

By ûngelokken op it wetter binne plysje, ambulânse en brânwacht faak in soad tiid kwyt om by de slachtoffers te kommen. En dat wylst der yn in soad gefallen genôch minsken yn de buert binne mei in boat of in EHBO-diploma om earste help te ferlienen.

Mei de start fan de Snitswike, dy't freed útein set, wurdt it startskot jûn foar it nije folchsysteem. It giet foarearst om in proef yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Ein 2015 wurdt besjoen hoe't it systeem foldocht en oft it ek yn oare dielen fan de provinsje ynfierd wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)