Pilgrimsmonumint yn Jirnsum

05 jun 2010 - 16:52

Yn Jirnsum is sneon in pilgrimmonumint ûntbleate. It stiet by it Jabikspaad, de route fan 'e pilgrimtocht fan Sint Jabik nei Santiago de Compostello yn Spanje. It monumint hjit de Jirnsumer Moeting en is pleatst fanwege it 10-jierrich bestean fan it Jabikspaad.

It keunstwurk stiet symboal foar de moetings dy't in pylger ûnderweis hat. It hat de foarm fan twa paden dy't elkoar reitsje, om't de east- en westrûte fan it Jabikspaad yn Jirsum byelkoar komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)