Pikrinesoer is ûntploft

01 okt 2009 - 12:18

Twa meiwurkers fan de EOD ha tongersdei it potsje mei in gefaarlik soer ûntploffe litten. It pikrinesoer wie woansdei op it Bornego College op It Hearrenfeaan ûntdutsen.

Ien kantoar waard ûntromme doe't it potsje út de kast helle waard. It is meinaam nei in sânbulte en dêr ûnskealik makke. Der kaam in lytse reekplom. De hiele operaasje duorre 5 minuten. It soer stie al mear as 20 jier yn de kast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)