Piknikke en boatsjefarre op memmedei en heitedei

01 maaie 2015 - 19:49
  • Mei heite- of memmedei gesellich piknikke

Hoofdstad van de Smaak organisearret op memmedei en heitedei in piknik. Op memmedei kinne dielnimmers fan Ljouwert op 'e fyts nei Martenastate yn Koarnjum, dêr't se in piknikkoer krije kinne mei streekprodukten.

Op heitedei kinne minsken nei camping It Wiid, dêr't se net allinne piknikke, mar ek boatsjefarre kinne. Mei de aksje wol de organisaasje fan Hoofdstad van de Smaak stêd en plattelân mear mei elkoar ferbine.

Nei de simmerfakânsje is der ek noch in piknik foar skoalbern op It Hearrenfean dy't dan ek op ekskurzje gean yn de bosken fan Oranjewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)