Pikeur ferwûne by Swiperace

16 jul 2006 - 12:27

In swier ûngemak op de Swipedei fan De Jouwer hat freed foar in flinke domper soarge. Yn de ynternasjonale race, de grutte Stayerkoers, rekke pikeur Arnold Mollema swier ferwûne. Hy hat in harsenskodding en in brutsen skonk.

Op de helte fan de race rekke er Rob de Vlieger mei Atlantis SL wêrnei't it spul oer de kop gong. Hynder Umberto Newport wie dêrby. Hy waard riden troch Jeroen Engwerda. Mollema kaam ûnder de hynders telâne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)