Pikeskuorre koel hâlden

02 jul 2010 - 17:06

Yn Drachtsterkompenije hat de brânwacht fan Oerterp freed drok dwaande west mei it kuoljen fan in skuorre mei sa'n 23.000 piken. De bisten krigen it te waarm troch de hege temperatuer. It waard sa'n 37 graden yn de skuorre, wylst 28 graden normaal is.

Troch wetter te spuitsjen op it dak waard de temperatuer wer wat leger. Oan de ein fan de middei wie it noch sa'n 32 graden yn de skuorre. Sa'n 700 piken hawwe de waarmte net oerlibbe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)