Piken oan de dea ûntsnapt

03 nov 2008 - 10:43

16.000 piken binne sneintemiddei oan de dea ûntsnapt yn De Grinzer Pein. De brânwachtkorpsen fan Surhústerfean en Gruttegast hawwe tegearre yn tou west om de brân te bestriden. Troch noch ûnbekende oarsaak wie der brân ûntstien yn de nok fan de pikestâl oan de Kaleweg yn it doarp op de grins fan Fryslân en Grinslân.

Mei fentilatoaren waard de reek út de stâl blaast. Inkelde tsientallen piken oerlibben de brân net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)