Piken greidefûgels opfretten troch foks

12 jun 2015 - 19:33
  • Slûpende foks

Tsientallen piken fan greidefûgels binne de ôfrûne wike yn it gebiet tusken Hilaard en Jorwert opfretten troch in foks. Yn de fjilden tusken de doarpen sieten in soad greidefûgels, mar it is dêr no stil, seit Jelle de Boer fan Natuermonuminten. Hy pleitet foar útwreiding fan de jacht op de foks. Dêrby soe ek de gearwurking fan ProRail socht wurde moatte, fanwege de spoarline dy't troch it gebiet rint en dêr't jagers net komme meie. Earder rjochte in foks al in slachfjild oan yn it reservaat Skrins by Easterlittens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)