Piken ferdronken op Amelân

26 jun 2007 - 22:38
  • De fûgels binne yn panyk nei it hege wetter..
  • Ien fan de fûgels dy't it net rêden hat..

De hurde wyn en it hege wetter ha foar in slachtpartij ûnder jonge fûgels op it Amelân soarge. Tûzenen jonge fûgels binne tiisdeitejûn ferdronken omdat in kwelder ûnderstrûpt is. Alle nêsten fan de Noardske sterns, mar ek in hiel soad mokkenêsten en fiskdievennêsten binne ferlern gien.

De jongen binne wol út it aai, mar kinne noch net fleane. Troch de hurde wyn en it hege wetter, is it gebied mei tsientûzen nêsten ûnderrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)