Pikehâlder fertocht fan fraude

11 sep 2012 - 12:44
  • Piken

De Nederlanske Voedsel- en Warenautoriteit hat ferline wike in plomfeehâlder út Fryslân oanhâlden dy't fertocht wurdt fan fraude. De man soe mear hinnen hawwe as tastien en mear aaien ferkeapje. Boppedat ferkocht er de aaien ûnterjochte as skarrelaai om mear te fertsjinjen, seit in wurdfierder fan de NVWA. Fieders hat de plomfeehâlder tefolle dong produsearre.

It strafrjochtlik ûndersyk rint noch. Plomfeehâlders út Gelderlân, Limboarch en Noard-Brabân binne ek fertochten yn de saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)