Pikeboeren yn problemen

14 jun 2013 - 12:18
  • Lege aaipriis min foar pikeboeren

Pikehâlders krije op it stuit by it ôfsluten fan nije kontrakten te min jild foar de aaien. It kin lang net út. It begjint no echt in probleem te wurden, ek om't de prizen foar foer hiel heech lizze. Pikehâlder Dijkstra op 'e Lytse Jouwer hat no ien stâl leech, omdat it gjin doel hat dêr no piken te hâlden. Hy hopet dat de prizen foar de aaien wer omheech gean.

Lanlik hat de Vakbond Pluimveehouders al oan de belle lutsen oer de problemen. Neffens it fakbûn binne der pikehâlders dy't it foer no net mear betelje kinne en dy't noch wol piken of hinnen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)