Pikeboeren yn de problemen

09 sep 2014 - 17:01
  • Hin

Hieltyd mear plomfeehâlders mei lishinnen komme yn finansjele problemen. De priis fan de aaien is leech, wylst it foer hiel djoer is. Yn hiel Nederlân kin in kwart fan de pikeboeren de rekkens net mear betelje. Yn Fryslân moatte se ek nei alternativen sykje om de holle boppe wetter te hâlden. Doe't de aaipriis noch heech wie, koene se dêr net fan profitearje, omdat de bank altyd in kontrakt easke mei in fêste aaipriis.

De gruthannel kin net mear betelje, omdat de supermerken de priis ûnder druk sette.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)