Pikeboeren binne noch net fan fûgelgryp ôf

30 nov 2014 - 12:34
  • By Van Drie yn Nordwâlde wurde aaien lein dy't earne oars útbret wurde
  • Untsmettingsmatte by de yngong fan de hinnestâl
  • De aaien fan Van Drie wurde earne oars útbret

Pikeboeren hawwe it noch hieltyd dreech mei de fûgelgryp. Snein waard in nij gefal konstatearre yn it Súd-Hollânske Zoeterwoude. Troch de sykte hat de plomseesektor te krijen mei allerhanne beheinings. Sa is bygelyks it hiem fan 'aailisboer' Van Drie yn Noardwâlde noch altyd ôfsletten foar frjemden. Dêr wurde aaien lein dy't earne oars útbret wurde.

De leveransiers meitsje oeroeren om't troch de ferdieling yn lânsdielen oare rûtes riden wurde moatte. Sa komme se by guon boeren pas jûns let.

Aailisboeren en briedboeren dy't skea hawwe troch de fûgelgryp krije kompensaasje fan it ryk, sa waard earder fan 'e wike bekend. Troch de fûgelgryp kinne de aailisboeren de befruchte aaien net kwyt en kinne briedboeren útbrette pykjes net ferkeapje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)