Pijper Master of Grass yn Eenrum

21 aug 2006 - 17:42

Theo Pijper is snein by de gersbaanraces yn Eenrum mei grut machtsfertoan 'Master of Grass' wurden. Pijper is profcoureur yn Skotlân. Hy wie pas in kertier foar de start yn Eenrum. Syn prestaasjes hiene dêr net fan te lijen, want hy wûn al syn races.

Dirk Fabriek waard twadde, René van Weele tredde. De sydspanrace waard wûn troch broer en sus William en Nathalie Matthijssen út it Drintse Annen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)