Pijper kampioen speedway UK

06 okt 2003 - 00:00

Theo Pijper fan Rinsumageast is dit wykein mei syn klub The Edinburgh Monarchs kampioen wurden yn 'e Britse Premier League Speedway. Foar it earst sûnt 55 jier hawwe de Monarchs de titel pakt. Foar Theo Pijper is dit syn twadde seizoen by de Monarchs.

Trochdat de iennichste oerbleaune konkurrint, Isle of Wight, punten lizze liet, is de ploech fan Pijper net mear yn te heljen. Pijper sit de helte fan 'e tiid yn Skotlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)