Pijper en Fabriek goed op WK

18 sep 2011 - 00:38
  • Theo Pijper (argyffoto)
  • Dirk Fabriek (foto: Bert Swarts)

Theo Pijper is yn de lêste wedstriid fan it wrâldkampioenskip langbaan twadde wurden. Yn it Frânske Morizes moast de âld-Rinsumageastmer allinne de Frânsman Stéphane Tresarrieu foargean litte. De twadde Fries yn de WK-searje, Dirk Fabriek, waard kreas fiifde.

Krekt as it ôfrûne seizoen waard de Fin Joonas Kylmakörpi kampioen. Theo Pijper waard fjirde yn de einstân, Dirk Fabriek tsiende.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)