"Piip ôffaloven moat heger en oven moat skjinner"

25 feb 2016 - 22:45

De ôffaloven yn Harns moat skjinner en de skoarstienpiip moat omheech. Dat binne de winsken fan de provinsjale steateleden en de gemeenteried fan Harns. Op it stuit wurdt ûndersyk dien nei de ferheging fan de skoarstienpiip.

De provinsje is drok yn petear mei Omrin om de oven skjinner te krijen. In mearderheid yn de steaten fynt dat deputearre Schrier derfoar soargje moat dat kontinu yn de gaten hâlden wurdt wat der út de skoarstienpiip fan de ôffaloven komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)