Piip Nooitgedagt dochs sloopt

28 okt 2004 - 09:45

De skoarstien fan Nooitgedagt yn Drylts moat dochs plat. De gemeenteried fan Wymbritseradiel hat tiisdeitejûn it ferset tsjin de sloop op it terrein fan it eardere redensfabryk opjûn. De grutste partij, Gemeentebelangen, sei it kolleezje te stypjen yn de sloopplannen.

Inkeld de rjochter soe de 22 meter hege piip noch behâlde kinne. Mooglik stapt de Stichting Schoorsteen Nooitgedagt nei de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)