Pietje Bell besoarget bank kater

19 jun 2006 - 17:00

De súksesfolle jeugdfilm Pietje Bell kostet de Friesland Bank sa'n 120.000 euro. Dat hat in wurdfierder fan de bank befestige.

Partikuliere belizzers koene meidwaan oan de finansiering fan de film. De Friesland Bank hie har in rendemint tasein fan 4,5 persint, mar dat waard net helle. Ien fan de belizzers stapte dêrop nei de rjochter. De Friesland Bank hat no besletten alle belizzers dochs noch ekstra jild út te beteljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)