Pieterburen hat hannen fol oan sike seehûnen op Waadeilannen

26 feb 2016 - 11:48

In soad seehûnen op de Fryske waadeilannen hawwe lêst fan de wintersykte: longwjirms. Der binne op it stuit safolle sike bisten dat seehûnekresj Pieterburen de drokte hast net mear byhâlde kin. Fan de 145 seehûnen dy't no yn it opfangsintrum ferbliuwe, binne 99 siik troch longwjirms.

De sykte is útbrutsen om't de seehûnen net folle wjerstân mear hawwe troch it kâlde waar fan de ôfrûne moanne. As se dan fisk ite mei in soad parasiten, komme der wjirms yn de longen. Benammen jonge seehûnen hawwe der lêst fan.

Neffens Arnout de Vries fan de kresj moatte de bisten behannele wurde foar de siikte, oars oerlibje sy it net. Yn alle opfangsintra is it tige drok troch de wintersykte, sa seit De Vries: ''Veel dierenartsen maken overuren en ook hebben wij de extra opvanggebouwen moeten openen om alle beesten te kunnen behandelen.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)