Pieter Zondervan nije gemeentesiktaris fan Súdwest-Fryslân

03 jun 2015 - 10:12

Pieter Zondervan (52) fan Jorwert wurdt fan 1 septimber ôf de nije gemeentesiktaris fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Hy wurket no noch as direksjelid fan tsjinstferlieningsbedriuw OSGMetrium. Neffens wethâlder Durk Stoker moat Zondervan de gearwurking fan de gemeente mei ynwenners, bedriuwen en ynstellings stâl jaan. Dêrby moatte de ynwenners mear ynfloed krije op de beslútfoarming.

By de gemeente wurkje sa'n 800 minsken. De gemeentesiktaris stjoert de organisaasje oan yn gearwurking mei trije direkteuren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)