Pieter Weening yn Luxemburg

03 jun 2006 - 14:04

Pieter Weening kaam freed yn de twadde etappe yn de Ronde fan Luxemburg as 24ste oer de einstreek. Dat die de ynwenner fan De Harkema yn in groep dy't 44 sekonden achterstân hie op de Dútske winner Paul Martens. Martens wie de rapste fan in fjouwer man sterke kopgroep.

Yn it algemien klassemint naam de Italjaan Marco Serpellini de liederstrui oer fan Kim Kirchen. Weening bliuwt op it 23ste plak stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)