Pieter Weening wint Hengelo

03 jun 2011 - 23:32
  • Pieter Weening lûkt de rôze trui oan yn Italië (argyffoto)

Pieter Weening hat freedtejûn it kritearium 'De Nacht fan Hengelo' wûn. De hurdfytsende Harrekyt fan de Rabobank wie yn it foar al de grutte favoryt nei syn etappewinst yn de Ronde fan Italië en it dragen fan de rôze trui fjouwer dagen lang.

Joost Posthuma, âld-ploechmaat en no prof by Leopard Trek, waard yn syn eigen achtertún twadde. Steven Kruijswijk, njoggende yn it einklassemint fan de Giro, waard tredde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)