Pieter Weening wint 1ste etappe

07 maaie 2003 - 00:00

Pieter Weening fan De Harkema hat de earste etappe yn de Thürungen Rundfahrt wûn. Yn de etappe oer 135 kilometer fan Sonneberg nei Bad Salzungen kaam de regearend Nederlânsk kampioen solo oer de einstreek. Pieter syn ploechmaat Niels Scheuneman waard twadde. Hy hie in efterstân fan 43 sekonden.

Ek Marcel Beima fan Hurdegaryp docht mei oan dizze etappekoers. Hy waard tiisdei 44ste. Syn efterstân op Weening is seis minuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)