Pieter Weening sjocht mei betrouwen út nei klassikers

25 mrt 2016 - 21:33
  • Pieter Weening (hjir op argyffoto)

Hurdfytser Pieter Weening sjocht mei fertrouwen út nei de foarjiersklassikers. Hy brûkt de Ronde fan Katalonië as opmars foar de wichtige wedstriden. Op tongersdei, de stjerdei fan Johan Cruijff, hie Weening yn de keninginnerit de winst foar it gripen. Twa kilometer foar de ein fan de lange klim moast Weening spitigernôch kapitulearje wêrtroch it dreamsenario net útkaam.

Neffens Weening libbet it ferstjerren fan Cruijff bot yn Katalonië: Hy liket dêr wol populêrder as yn Nederlân.

Foar de rider fan de Roompot-ploech wie it sechsde plak dochs ek in moaie opstekker. It docht bliken dat it goed sit mei de foarm en de kondysje, yn de oanrin nei de klassikers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)