Pieter Weening rekket yn foarm

15 jun 2008 - 17:51
  • Pieter Weening yn foarm

Pieter Weening kin werom sjen op in bêste Dauphiné Libéré. Snein yn de sânde en lêste etappe einige de ynwenner fan De Harkema yn de groep mei de einwinner Alejandro Valverde. Sneon by de beklimming fan La Toussuire naam Weening syn kopman Robert Gesink op sleeptou.

Nei ôfrin sei ploechlieder Adri van Houwelingen dat it riden fan Pieter "goed en zeer bemoedigend" wie. Pieter Weening hopet dat hy troch syn goede foarm noch yn de Tourploech komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)