Pieter Weening op achterstân

15 maaie 2010 - 18:47

Pieter Weening hat yn de sânde etappe fan de Ronde fan Italië tiid ferspile. De hurdfytser fan De Harkema moast yn in superswiere en wiete rit oer 220 km in lytse fjouwer minuten tajaan op winner Cadel Evans. Yn de lêste 30 km oer glêde, net-ferhurde diken tinne de earste groep hieltyd fierder út.

Yn it algemien klassemint sakke Weening fan it alfde nei it njoggentjinde plak op 4.38 fan de nije lieder Aleksandr Vinokoerov. Pieter Weening bliuwt wol de bêste Nederlanner.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)