Pieter Weening nimt rêst

03 maaie 2006 - 14:06

Pieter Weening fan De Harkema hat in pear drege wiken hân. De krekt 25- jierrige hurdfytser dy't no yn België wennet, hat de kommende wiken gjin grutte wedstriden. Hy sil him de kommende tiid benammen rjochtsje op in goeie tarieding foar de Tour de France, dy't op 1 july begjint.

Ofrûne snein einige Pieter yn it einklassemint fan de Ronde fan Romandië op it 81ste plak. Hy nimt no earst rêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)