Pieter Weening net nei WK

14 sep 2006 - 11:05

Hurdfytser Pieter Weening docht net mei oan it wrâldkampioenskip hurdfytsen. Bûnskoach Egon van Kessel hat derfoar keazen om net Weening, mar Bram de Groot yn de seleksje op te nimmen.

Der is noch in lytse kâns dat Weening nei it WK yn Salzburg giet, omdat Bram Tankink net hielendal fit is. Weening rydt op dit stuit yn Spanje dêr't er meidocht oan de Vuelta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)