Pieter Weening net fertocht

05 nov 2013 - 17:32
  • Pieter Weening

De Australyske hurdfytsploech Orica-GreenEdge hat it betrouwen útsprutsen yn Pieter Weening. It team hie Weening om opheldering frege, omdat syn eardere kollega Michael Rasmussen him snein op de Deenske televyzje beskuldige fan doping yn de Ronde fan Frankryk fan 2007.

Orica-GreenEdge hat ynformaasje krigen fan de Nederlânske dopingautoriteit en dêrút docht neffens de hurdfytsploech bliken dat der gjin reden is om in ûndersyk te starten. Der sil dan fierder ek gjin aksje ûndernommen wurde yn de rjochting fan Weening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)