Pieter Weening nei Ljouwert

03 jun 2006 - 14:03

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema docht op 21 juny mei oan de 'Noord Nederland Tour'. Ek Marc de Maar en Jan Boven, dy't krekt as Weening foar de Rabobank ploech ride, dogge mei. De organisaasje hopet noch op de komst fan Erik Dekker. Mar dy is noch net wis.

De 'Noord Nederland Tour' wurdt dit jier foar de tredde kear ferriden. Sa'n 120 hurdfytsers starte yn Grins en finisje yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)