Pieter Weening: krekt net

20 feb 2009 - 00:54

Pieter Weening hat him tongersdei yn de fiifde en langste etappe fan de Ronde fan Californië geweldich sjen litten. Yn it begjin fan de 216 km lange etappe naaide Weening mei noch fiif oaren út. De foarsprong soe oprinne oant goed acht minuten, mar doe setten de ploegen fan de sprinters de sokken deryn.

Op fjouwer kilometer foar de einstreek wie de lange ûntsnapping dien. Mark Cavendish wûn dêrnei de massasprint foar Tom Boonen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)